Oantinken foar Anita Andriesen

07 mrt 2009 - 08:31
  • Anita Andriesen ferstoar yn desimber

Der komt in bliuwend oantinken foar de ferline jier ferstoarne deputearre Anita Andriesen. Dat waard freed bekend makke troch de foarsitter fan de BFVW op de jiersgearkomste. Andriesen hat in soad foar de fûgelwachten en de greidefûgels betsjutten. Sa is it neffens it bûn oan har te tankjen dat der dit jier noch ljipaaien meinommen wurde meie.

Fierder hat sy alle rjochtsaken holpen en se wie fan doel om nei Brussel te gean om de ljippejacht oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)