Oantal WW-útkearings Fryslân omheech gien yn novimber

18 des 2014 - 11:23

It oantal WW-útkearings yn Fryslân is yn novimber omheech gien. Fryslân wykt dermei net ôf fan de oare noardlike provinsjes. Oarsaak is dat in soad minsken gjin wurk fine koene, om't it seizoenswurk sa goed as ôfrûn is.

Ein novimber wiene der mear as 18.000 wurkleazen, 6,1 prosint fan de beropsbefolking. Lanlik sit 5,4 prosint fan de beropsbefolking sûnder wurk thús. Lânbou, ferfier, hoareka en de bou binne sektoaren dêr't it net goed giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)