Oantaaster falt frou lestich

24 sep 2010 - 09:50

In frou (23) út Drachten is woansdei lestich fallen troch in noch ûnbekende man. De frou fytste oer de Dokter Kingsingel. By de tunnel ûnder de A7 stie in man mei in bûslampe, dy't frege hoe let it wie. De man pakte de frou ûnferwachte by de nekke en luts har mei nei de boskjes oan de kant fan de dyk. De frou wist los te kommen en naaide út. De man kaam efter har oan oan op har eigen fyts.

Doe't hy by de frou wie, joech hy har fyts werom en naaide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)