Oantaaster aktyf yn de Wâlden

23 nov 2005 - 08:34

De plysje siket in man dy't yn Noardeast-Fryslân mooglik twa famkes oanrand hat. It giet om gefallen yn Bûtenpost en Kollum. De slachtoffers binne 12 en 11 jier. De plysje giet der fanút dat it om ien dieder giet.

Yn Bûtenpost waard in famke flakby it treinstasjon lestich fallen. It slachtoffer yn Kollum waard bedrige mei in mes. It programma Plysjepost jout tiisdei mear omtinken oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)