Oanspielde potfisk wurdt yn Harns oan 'e wâl brocht

15 jan 2016 - 11:39

Yn de Nije Fiskershaven fan Harns wurdt freedtemoarn begûn mei it oan wâl takeljen fan ien fan de potfisken dy't earder dizze wike oanspielde op it eilân Teksel. Dat bart by it bedriuw BDS. Dizze earste potfisk is in lytser eksimplaar, mar dochs is it takeljen fan sa'n kadaver in bysûndere put.

Oare potfisken

Borsch en syn meiwurkers fan BDS geane wer nei Teksel om fierder te gean mei it ôffieren fan de potfisken. De oare fisken binne in stik grutter as dizze earste. Dy wurde mooglik al op Teksel yn grutte stikken snijd om ferfierd te wurden.

Rendac

De bisten geane oanslutend nei Rendac, dat is it bedriuw dat neamd wurdt yn it potfiskprotokol. It giet hjirby net om it fabryk yn Sumar, mar om it Rendac-fabryk yn Brabân. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)