Oanspielde foet bliuwt riedsel

14 sep 2010 - 14:27

De plysje kin noch neat sizze oer de foet dy't dit wykein op Skylge fûn is. Besocht wurdt mei dna te achterheljen oft de foet fan ien is dy't opnaam is yn 'e databank fan fermisten. It giet dan om ynwenners fan Nederlân. Mocht er dêr net yn foarkomme, dan wurdt ek oer de grinzen socht.

Neist de foet waard ek in skoech fûn. De oare skoech fan it pear is dizze simmer oanspield yn Ingelân. Dêr binne se der ek noch net achter wa't it slachtoffer is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)