Oanspield stoflik omskot is Rus

26 apr 2006 - 15:16

It stoflik omskot dat twa wike lyn fûn waard op it strân fan Skylge is fan in man oan board fan in Russysk skip. Undersyk troch it NFI bewiist dat. De man sloech begjin febrewaris oerboard fan in Russysk skip. Dat barde op de Noardsee boppe de Waadeilannen.

De man stie op wacht, sûnder dat er beskermjende klean oan hie. De KNRM- rêdingsboaten fan Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach ha wol socht nei de man, mar koene him net fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)