'Oanspield hout ynleverje'

21 des 2011 - 10:01

Boargemaster Visser fan Skylge wol dat it hout dat op it strân oanspielt by de gemeente ynlevere wurdt. It frachtskip Danica Hav ferlear boppe de Waadeilannen 45 pakketten hout. In grut part fan it hout is fannacht oanspield. Tsientallen jutters wiene fannacht op syk nei it hout.

Neffens in wurdfierder fan de gemeente moat it oanspielde hout ynlevere wurde by de 'strandvonder' en dat is de boargemaster. De dûane en de plysje sille dêrop kontrolearje. Op dit stuit is op it gemeentehûs oerlis oer de situaasje.

It filmke is makke troch Carel Schut, www.terschellingfilm.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)