Oansluting op plysje-akademy

24 mrt 2011 - 21:08

Learlingen fan de Friese Poort kinne tenei better trochstreame nei it plysje-ûnderwiis. Tongersdei is dêr troch minister Opstelten, de plysje-akademy en de regionale opliedingssintra in konvenant foar ûndertekene. Doel is om de trijejierrige oplieding 'handhaver, toezicht en veiligheid' oanslute te litten by it plysje-ûnderwiis.

Yn septimber giet de oplieding los. Wa't dy mei in diploma ôfslút, kin fuort ynstreame by de plysje-akademy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)