Oanslein troch dragraceûngelok

23 aug 2010 - 11:54
  • Foto: Martijn de Vries/112Nederland

Dielnimmers en leafhawwers fan it dragracen binne swier oanslein nei it ferstjerren fan in 52-jierrige man út Almere by in dragrace snein yn Drachten. Op de airstrip waard de finale fan de dragrace-kampioenskippen fan it lân hâlden. Yn ien fan de lêste ritten ûntplofte der wat yn de motor fan John van Geytenbeek.

Mei in flinke snelheid bedarre de motor yn de stekken. Van Geytenbeek ferstoar oan syn ferwûnings. De skrik wie grut by taskôgers en organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)