Oanslaggen dochs de doar út

24 okt 2006 - 15:04

De gemeente Weststellingwerf stjoert hast hûndert hûshâldens en bedriuwen dizze wike in lette oanslach foar de ûnreplike saakbelesting. It giet om oanslaggen dy't de gemeente yn 2004 fergetten hat op te stjoeren. Mei-inoar giet it om in bedrach fan 125.000 euro.

Oan de ein fan dit jier wurde ek de oanslaggen foar 2005 en 2006 ferstjoerd. Wethâlder Van den Berg fynt it in ferfelende situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)