Oanslach Parys by Friezinne Dana de Vries yn de strjitte

10 jan 2015 - 15:30
  • Dana de Vries

De Fryske selliste Dana de Vries wie hast tsjûge fan de oanslach op it satiryske tydskrift Charlie Hebdo en de gizelings dy't dêrop folgen. De Vries, hikke en tein yn Frjentsjer, wennet yn Parys, yn deselde strjitte as it kantoar fan Charlie Hebdo. Se studearret sello oan it Conservatoire National Supérieur de Musique de Paris.

Foar de skoalle oer is ferskate kearen sketten troch gizelnimmers. De Vries wie thús oan it repetearjen doe't de oanslach op Charlie Hebdo barde. Se seit dat se hoedener wurden is troch de oanslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)