Oanridings yn glêde spits

02 feb 2010 - 10:50
  • De A32 by Grou moast ôfsetten wurde (foto's Robertjan Boonstra)
  • Wurk foar de autoskeabedriuwen

De glêdens soarge tiisdeitemoarn foar grutte problemen op de Fryske diken. De Wâldei wie op guon plakken feroare yn in iisbaan, dêrtroch glibberen de automobilisten alle kanten út. Der wiene meardere ûngelokken, hast allegear allinnich mei blikskea. De measte oanridings wiene op de A31, de A32 en de A7.

De ferwachting is dat it fan 'e middei wer glêd wurde kin, de jûnsspits kin dêr wer lêst fan krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)