Oanridings yn Fryslân

10 aug 2008 - 15:01

In motorrider (21) fan Minnertsgea is sneon ferwûne rekke by in oanriding op de Frjentsjerterdyk by Seisbierrum. De man skrok nei alle gedachten fan in ôfslaande auto foar him. Hy gie ûnderút en glied sa tsjin de auto foar him oan. Hy is nei it sikehûs brocht.

In ynwenster (63) fan Drachten is sneon yn har wenplak ferwûne rekke by in oanriding. Sy waard ôfsnijd troch in Drachtster (41) op in brommerke. Se rekken inoar en foelen beide. De 63- jierrige frou is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)