Oanriding yn Wolvegea

02 jun 2006 - 10:15

By in oanriding op de Spoarleane yn Wolvegea is tongersdeitejûn in 31-jierrige frou út Oldemarkt ferwûne rekke. De frou siet as passazjier yn in auto dy't bestjoerd waard troch in 58-jierrige ynwenner fan Oldemarkt.

In automobilist (51) út Boyl hie te let sjoen dat de auto's foar him stil stiene. Troch út te wiken koe de man út Boyl in motorrider ûntwike, mar in oanriding mei de auto wie net te foarkommen. De frou hie nekkeletsel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)