Oanriding yn Surhústerfean

01 apr 2008 - 09:59

In 26-jierrige frou út Jonkersvaart is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Surhústerfean. It slachtoffer seach te let dat de auto's foar har ôfremje moasten foar in trekker dy't ôfsloech. De bestjoerster botste achterop de auto foar har. De bestjoerster fan dy auto knalde wer op de auto foar har.

De frou út Jonkersvaart is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare bestjoerster mankearde neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)