Oanriding yn Snits

26 maaie 2006 - 11:19

In ynwenster fan Snits is tongersdeitejûn om 22.30 oere oanriden troch in scooter. De frou ried mei har fyts op it Grootzand doe't de bestjoerder fan de scooter har oanried. Beide foelen dêrby op de grûn.

De man stapte dêrnei wer op syn scooter, sûnder nei de frou om te sjen. De 37-jierrige frou is mei ferwûnings oan de hân en holle nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)