Oanriding yn Snits

22 jan 2006 - 14:22

Op de Stedsrûnwei-súd yn Snits hat sneontemiddei in oanriding west. In automobiliste (44) út Delfsyl ried oer de rûnwei yn de rjochting fan De Jouwer. In automobilist (55) fan De Jouwer ried dêr efteroan.

Beide automobilisten rieden op it foarsortearfak om linksôf de A7 op te riden. De frou moast ôfremje. De man remme ek, mar koe in oanriding net foarkomme. De frou is mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)