Oanriding yn Riis

09 sep 2007 - 13:56

Der hat sneontemiddei in oanriding plakfûn tusken trije fytsers en in auto yn Riis. Dat barde op de Freule van Sinderenleane. De trije fytsers hearden by in groepke racefytsers en folgen net it ferplicht fytspaad, mar rieden mei hege snelheid op de rydbaan.

Foar har ried in auto, bestjoerd troch in man (57) út Voorburg. Ta hichte fan de Leise Leane sloech er linksôf. Ien fan de fytsers, in man (23) út Koudum botste fol op de auto en rekke ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)