Oanriding yn Dokkum

11 maaie 2008 - 15:40

Op de Heechstrjitte yn Dokkum hat sneontemiddei in oanriding plakfûn. In bestelbus kaam fanút de rjochting Djipswâl en ried in stilsteande auto foarby. Troch dy auto wie de frije rûmte beheind.

By it foarbygean rekke de bestjoerder fan de bus twa stuollen op it terras fan in hoarekagelegenheid. Op ien fan de stuollen siet in persoan, mar dy rekke net ferwûne. De bestjoerder ried troch. Hy is letter oanholden yn in hoarekasaak op de Bûterstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)