Oanriding yn De Rottefalle

12 okt 2006 - 10:01

In Drachtster (19) is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn De Rottefalle. Op de krusing Noarderhegewei en Litswei ferliende er gjin foarrang oan in frachtauto en in frontale botsing wie it gefolch.

De klap wie sa grut dat de auto fan de Drachtster de bjirm ynslingere waard en tsjin in pear beamkes telâne kaam. Hy is mei help fan brânwachtminsken en ambulânsepersoniel út de auto helle en nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)