Oanriding yn Bûtenpost

31 aug 2008 - 13:11

De plysje hat sneontemoarn help ferliend by in oanriding op de Oost yn Bûtenpost, wêrby't in 63-jierrige ynwenster fan Ezinge ferwûne rekke. De frou siet by har man yn de auto. Dy krige op de krusing mei de Trekwei gjin foarrang fan in 23-jierrige automobilist út Grins.

By de oanriding dy't dêrop folge, kaam de auto fan it echtpear út Ezinge tsjin in lantearnepeal ta stilstân. De frou is foar ûndersyk mei in ambulânse nei it sikehûs yn Drachten oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)