Oanriding by Wytmarsum: auto yn de sleat

14 jun 2015 - 08:41

Op de Weersterweg tusken Makkum en Wytmarsum is sneon oan de ein fan de middei in auto yn de sleat bedarre. Dat barde nei in botsing mei in oare auto. Foar de sekerheid waard der in ambulânse oproppen, mar by it ûngelok is net ien ferwûne rekke.

Wat de oanlieding wie foar de botsing is ûndúdlik, de plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)