Oanriding troch opkommende sinne

05 sep 2006 - 15:18

Op de Hegedyk yn Langsweagen is moandeitemoarn in 17-jierrige bromfytser fan 'e Gordyk ferwûne rekke oan syn hân. De jongen ried tsjin de sydkant fan de auto fan in 30-jierrige frou út Langsweagen.

De frou ried fan de oprit ôf de dyk op. Troch de opkommende sinne seach se de bromfytser net oankommen. In botsing wie it gefolch. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)