Oanriding troch glêdens en drank

30 des 2001 - 00:00

In 31-jierrige autobesjoerder út Drachten rekke sneontemoarn betiid yn in slip fanwege de glêde dyk. Dit barde yn de Torenstrjitte yn Drachten.

Hy kaam op de ferkearde helte fan de dyk terjochte en botste tsjin de auto fan in 24-jierrige ynwenner fan Bûtenpost op. De fertochte ried dêrnei tsjin in lantearnpeal op en kaam tsjin in muorke ta stilstân. De man hie drank op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)