Oanriding troch dronken frou

07 mrt 2006 - 10:22

In dronken automobiliste (24) út Drachten hat snein in oanriding feroarsake yn har wenplak. Op de Overstesingel bedarre se mei de auto op de ferkearde kant fan de dyk en botste op de auto fan in 26-jierrige Drachtster.

Dêrnei ried de dronken frou frontaal op de auto dy't dêrachter ried. Neidat se blaasd hie, krige de frou in rydferbod fan fyftjin oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)