Oanriding by spoaroergong Feanwâlden

13 feb 2015 - 11:00
  • Botsing by it spoar yn Feanwâlden

In Damwâldster (51) hat tongersdeitemoarn in ûngelok feroarsake yn Feanwâlden. Hy botste foar de spoaroergong op in auto foar him. Dy hie remme om't it warskôgingsljocht fan it spoar op read sprong.

De Damwâldster soe noch gau ynhelje, mar rekke dêrby de auto foar him, skeat oer it spoar en bedarre oan de oare kant. De fertochte rekke net ferwûne. Hy krige in proses-ferbaal foar it feroarsaakjen fan in gefaarlike situaasje. De beide ynsittenden fan de earste auto binne ûndersocht troch ambulânsepersoniel. Se hoegden net nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)