Oanriding by Skarsterbrêge

15 jun 2006 - 10:46

Op de autodyk A6 by Skarsterbrêge binne woansdeitemiddei twa ynwenners fan Zwijndrecht ferwûne rekke. It giet om in 58-jierrige automobiliste en in ynsittende fan 62 jier.

De bestjoerster botste op in rige auto's dy't stilstie foar in brêge. De bestjoerder fan de auto dêr't de frou op botste, kaam der sûnder ferwûnings fan ôf. De ynwenners fan Zwijndrecht binne ôffierd nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)