Oanriding by Sint Nyk

22 maaie 2010 - 13:24

Op de A6 by Sint Nyk hat freedtemiddei in oanriding mei trije auto's west. In 19-jierrige automobilist út Drachten seach te let dat der twa auto's foar de brêge stiene te wachtsjen. Hy koe net mear op 'e tiid remje en in oanriding wie it gefolch.

De bestjoerders fan de stilsteande auto's koene op it plak fan it ûngelok behannele wurde. De Drachtster is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)