Oanriding op Wâldwei

20 apr 2006 - 10:12

De Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten hat woansdei in skoft ticht west as gefolch fan in oanriding. Dêrby binne twa persoanen ferwûne rekke. In 30-jierrige automobiliste út Ljouwert lette net goed op en kaam op de ferkearde kant fan de dyk telâne. Dêr botste se tsjin in bus.

De auto fan de frou skode dwers op de dyk en waard oanriden troch in Grinzer (33). De beide slachtoffers waarden mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)