Oanriding op Skylge

23 mrt 2008 - 12:10

In ynwenner fan Skylge is sneon ferwûne rekke by in oanriding op it eilân. De Skylger kaam troch ûnbekende oarsaak mei syn auto op de ferkearde helte fan de dyk en botste dêr tsjin de auto fan in ynwenner fan Ljouwert.

De Skylger moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. Hy is mei de helikopter oerbrocht nei it sikehûs. De Ljouwerter en syn fjouwer passazjiers koene op it eilân sels behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)