Oanriding op N351 by Wolvega

16 mrt 2006 - 10:12

Op de N351 tusken Wolvegea en Emmeloord hat woansdeitemiddei in ûngelok plakfûn tusken twa persoanenauto's. By de oanriding rekke ien fan de beide auto's te wetter. Yn de auto sieten trije minsken.

De brânwacht moast der oan te pas komme om ien persoan út de auto te heljen. De tadracht fan it ûngelok is noch net dúdlik. Ek is op dit momint net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)