Oanriding op Jouster rotonde

27 sep 2008 - 14:07

Op de rotonde fan De Jouwer binne freedtejûn twa minsken ferwûne rekke by in oanriding. De slachtoffers sieten achteryn de auto fan in 34-jierrige man út Vlaardingen. Dy ried út de rjochting fan De Lemmer de rotonde op, mar waard oanriden troch in 38-jierrige Hearrenfeaner dy't út de rjochting fan Snits kaam.

De Vlaardingers rekken beknypt yn it wrak dat yn de middenberm fan de rotonde telâne kaam. De slachtoffers binne nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)