Oanriding op Drachtsterplein, plysje siket bestjoerster

29 feb 2016 - 11:06

De plysje yn Ljouwert siket in bestjoerster fan de auto dy't sneintejûn op it Drachtsterplein oanriden waard, wêrnei't de feroarsaker fan it ûngelok útnaaide. De frou gie efter de feroarsaker oan, sette dizze nei in efterfolging op de Planeteleane oan de kant en belle de plysje. Doe't dy kaam, wie de feroarsaker der noch wol, mar de frou wie fuort. Ut ûndersyk die bliken dat de oanwêzige bestjoerder, in 35-jierrige Ljouwerter, ûnderweis wie nei in alarmmelding by in bedriuw.

De man hie drank op en is oanhâlden. Hy moat op kursus oer alkoholgebrûk yn it ferkear. De frou hat letter noch kontakt socht mei de plysje, mar wie dêrnei net langer te berikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)