Oanriding op de Wâldwei

11 apr 2005 - 12:06

Op de Wâldwei by Garyp hat sneontejûn in oanriding plakfûn. In 39-jierrige automobilist út Schiedam kaam fanút de rjochting Drachten. Hy helle in auto yn nettsjinsteande it ynhelferbod. It gefolch wie dat er frontaal tsjin in automobilist (55) út Loppersum botste.

By de oanriding rekke in tal minsken ferwûne. Fjouwer ferwûnen binne opnaam yn it sikehûs. De Wâldwei hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)