Oanriding op A7 by Wytmarsum

21 nov 2005 - 09:32

In frachtweinsjauffeur út Oosthuizen (32) en in automobilist út Snits (41) binne sneon yn botsing kaam op de rykswei A7. Se riden achter inoar yn de rjochting Snits. Doe't de Snitser de frachtwein ynhelje woe, waard it him swart foar eagen en botste er mei de tsjin de achterside fan de frachtauto.

Hy remde fuortdaliks en kaam ta stilstân yn de bjirm. Op it buro die bliken dat er drank op hie. Earder dy dei hie er al in rydferbod krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)