Oanriding op A32 by Grou

12 aug 2014 - 14:56

In automobiliste is tiisdeitemoarn op de A32 by Grou achter op in frachtwein fan FrieslandCampina riden. By de oanriding rekke net ien ferwûne. Wol rekke de auto fan de frou swier skansearre. De molkauto dêr't de frou achterop ried, hat skea oan de achterkant. Mei help fan de brânwacht is de frachtwein sa reparearre, dat dizze foarearst trochride koe.

It oare ferkear op de dyk fan It Hearrenfean nei Ljouwert hat koart lêst hân fan de oanriding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)