Oanriding motor mei twa fytsen

21 apr 2007 - 12:54

Oan 'e Skipsleat yn Wolvegea hat freedtemiddei in oanriding west tusken in motorrider en twa fytsers. Hoe't it krekt bard is, is noch ûndúdlik.

Beide fytsers, in 54-jierrige man út Wolvegea en in 30-jierrige frou út Kampen, foelen en rekken ferwûne. Se binne mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. De 49-jierrige motorrider út Wolvegea kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)