Oanriding mei trije auto's

01 jun 2011 - 11:11

In 74-jierrige man út Ljouwert hat tiisdei op de grutte dyk by Doanjum in ûngelok feroarsake, dêr't trije auto's flink by skansearre rekken. De man miste in ôfslach en soe fia de flechstripe achterút weromride. Hy rekke yn de berm en doe't er dêr wer út besocht te kommen, ferlear er de macht oer it stjoer.

Hy bedarre op de dyk en waard dêr oanriden troch in autobestjoerder út Leiden, dy't him net mear ûntwike koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)