Oanriding mei opset yn Snits

11 feb 2014 - 10:27
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

In 35-jierrige Snitser is moandeitemiddei oppakt om't er mei opsetsin in stedsgenoat (20) oanriden hie op de Prins Hendrikkade yn de Wetterpoartestêd. De manlju hienen spul krigen doe't de fertochte gjin knipperljocht oandie op in rotonde. Letter kamen de twa inoar tsjin op de Prins Hendrikkade. Dêr hat de fertochte it slachtoffer ferskate kearen mei syn auto raamd.

De Snitser is letter op basis fan syn sinjalemint oppakt. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)