Oanriding mei motor Mitselwier

19 sep 2008 - 21:23

In 62-jierrige motorrider út Den Helder is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding yn Mitselwier. In 47-jierrige automobiliste út Wâlterswâld stie by de krusing mei de Bekkerstrjitte stil om linksôf te slaan. Op it momint dat se opluts waard se ynhelle troch de motorrider.

De motorrider kaam te fallen en is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)