Oanriding mei ferwûne yn Menaam

10 jan 2004 - 00:00

In autobestjoerder hat freed foar in soad skea en in slachtoffer soarge by in supermerk yn Menaam. De bestjoerder (82) soe fan it parkearplak ôfride. Hy kaam mei syn foet klem te sitten tusken it gaspedaal en de matte dêrûnder.

Op dat stuit rûn der in man (57) foar de auto lâns. Hy waard oanriden. Dêrnei ried de auto efterút en doe nochris foarút tsjin twa auto's en in brievebus oan. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)