Oanriding mei auto-op-sleeptou

13 okt 2002 - 00:00

In Wolvegeaster (26) is sneon op de A32 by Oldeholtpea yn folle gong op in auto op-sleeptou riden. Njonken dy man rekken ek de bestjoerder fan de pechauto út Jellum en syn frou ferwûne.

De Jellumer hie syn broer opbelle mei de fraach om him te lûken. Nei't se gong makke hiene, rieden se de Rykswei op en seagen dêrby de Wolvegeaster oer de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)