Oanriding by Kimswert

15 nov 2006 - 10:20

Trije minsken binne moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding by Kimswert. In autobestjoerder út Harns (83) seach by it ôfslaan in frachtauto oer de holle. De frachtweinsjauffeur koe de auto net mear ûntwike.

Ek rekke er de auto fan in 49-jierrige frou út Boalsert. De brânwacht hat de 83-jierrige man en syn 80-jierrige ynsittende út de auto helle. Se binne oerbrocht nei it sikehûs, lykas de autobestjoerster út Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)