Oanriding jildauto soarget foar ôfsluting rotonde Ljouwert

15 sep 2015 - 16:12
  • In bus fan Brinks jildtransport is op in oare auto botst

De rotonde fan de Heliconwei en de Snitsertrekwei yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei foar in part ôfsletten west nei in botsing. In bus fan Brinks jildtransport wie op de binnenste baan op in oare auto botst.

Der rekke nimmen ferwûne, mar it wie lestich om de auto's derwei te krijen, omdat de sjauffeur fan de auto in Rus wie dy't hast gjin Ingelsk koe en de sjauffeur fan de jildauto neffens de regels syn auto net ferlitte mocht. De auto is úteinlik fuortsleept en de plysje is mei de Brinksauto nei syn bestimming riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)