Oanriding by Hijum

26 jun 2006 - 12:36

In man út Snits en in jonkje út Marrum binne snein op de Brédyk by Hijum ferwûne rekke. De man helle mei syn auto yn, mar seach in tsjinlizzer oer de holle. Dy besocht in oanriding foar te kommen troch de berm yn te riden.

Dat holp lykwols net, de Snitser ried tsjin de tsjinlizzer oan. Hy sloech dêrnei mei de auto oer de kop. De man en it jonkje binne nei it sikehûs brocht. De oare autorider wie net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)