Oanriding en snelheidskontrôle

16 apr 2009 - 10:14

Op de Egelantiersstrjitte yn Ljouwert is in fytser (61) woansdei ferwûne rekke. De man is oanriden troch in automobilist (49) út Ljouwert, dy't him nei alle gedachten oer de holle sjoen hat. De fytser is mei rêchletsel oerbracht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Ien automobilist is woansdei bekeurd foar te hurd riden op de Tzummerwei yn Frjentsjer. Hy ried 70 kilometer, wylst 50 tastien is. De kontrôle wie fanwege klachten oer te hurd riden. Fyftjin auto's waarden oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)