Oanriding by Easterwâlde

05 maaie 2011 - 08:34
  • Foto's Omrop Fryslân/Diana de Groot

By in ûngelok mei twa frachtauto's by Easterwâlde is tongersdeitemoarn ien persoan ferwûne rekke. It giet om de sjauffeur fan ien fan de frachtauto's. Dy is troch noch ûnbekende oarsaak op de Venekoterkrusing achterop de oare auto riden. De sjauffeur rekke dêrby beknypt en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. De oare sjauffeur rekke net ferwûne.

Fanwege it ûngelok is de krusing ôfset. De ferwachting is dat dat oant in oere as healwei alven duorret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)