Oanriding by De Jouwer

03 maaie 2003 - 00:00

In dronken autobestjoerder út De Lemmer hat freedtejûn in oanriding feroarsake op de rotonde by De Jouwer. De man ried oer de betonnen râne fan de saneamde bypass hinne en kaam sa yn botsing mei in oare auto. Dy waard bestjoerd troch in man út Aldehaske.

De Lemster stapte nei de oanriding efkes út, mar sei net wa't er wie. Dêrnei ried er gau wer fuort. Letter koe de plysje him oanhâlde op in parkearplak by de A7.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)