Oanriding Damwâld: tsjûgen socht

13 mrt 2006 - 18:03

In 60-jierrige man út Damwâld is sneon oan de Willemstraat oanriden troch nei alle gedachten in VW-Golf mei giele ljochten. De bestjoerder is trochriden.

De man rûn mei syn hûn yn de rjochting fan de De Singel, doe 't de auto der mei hege snelheid oan kaam en de man rekke. Hy is troch famylje nei it sikehûs yn Dokkum brocht, mar koe nei behanneling wer nei hûs. De plysje siket de dieder noch en freget tsjûgen harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)